Iepenlofspullen

2017 - It Van Drooge Mystearje

De besiele Lambertus Van Drooge, haad fan’e skoalle yn Bakkefean fan 1862 oant 1902 hat in wichtige rol spile yn it doarpslibben. Hy kriget de kâns om eefkes om him hinne te sjen yn it Bakkefean fan 2017. It stik wurdt spile tusken 23 en 26 juny 2017 op het terrein fan swimbad Dúndelle yn Bakkefean

2015 - De Berch

As der op in nacht samar in berch midden yn it doarp komt te lizzen, ropt dat in protte fragen op: hoe komt sa’n berch hjir; sit de ûnderwrâld der achter, is it de wraak fan de Bantegeasten of binne it dochs mollen? De fraach wat der mei de berch barre moat driget it doarp yn twa kampen te spjalten. In spannende famyljefoarstelling mei humor en spektakel. Stichting Iepenloftspul Bantegea spile it fan 19 juny oant 5 july 2015





2014 - Wylde Grizen

Oersetting yn it Frysk fan it iepenloftspul Wylde Grizen, skreaun troch Els Buseman. Stichting Iepenloftspul Opsterlân spile it stik yn maaie en juny 2014 yn de bosken fan Sparjebird. Winner fan in Gouden Gurbe


2012 - Straverus....tiid is in sirkel

Famyljefoarstelling mei spektakel, humor, aksje, emoasje. Skreaun yn gearwurking mei Lammert de Vries. Waard spile yn july 2012 in natoergebiet De Koepeinse by Bantegea. Winner fan in Gouden Gurbe.



foto's: Johan Westenbroek

2002 - Spektakelstik

Iepenloftspul ta gelegenheid fan 100 jier toanielferiening Sizze & Dwaen Terwispel



Oare stikken

2017 - Garaazje Lugtigheid

Wat soe der wurden wêze fan it neiteam an Durk Snoad. Fleurich jûnfoljend lokaasjeteater ta gelegenheid fan it 75 jierrich bestean fan toanielferiening ‘De Fryske Krite’ De Sweach. It stik wurdt spile tusken 6 en 15 april 2017.

2013 - 150 jaar Rinsma Fashion

Ienakter ta gelegenheid fan it 125 jierrich jubileumfeest fan Rinsma Fashion op 'e Gordyk, op 25 maaie 2013.

2014 - Hite Bliksem


In jûnfoljend stik, skreaun foar Toanielferiening 'Op nij feriene' yn Bantegea. Stik oer it libjen en wurkjen yn de deadesel fan in finzenis, begjin foarige ieuw. Wat bart der mei de meiwurkers as sy ûntdekke dat ien fan harren 'klanten' ûnskuldich yn de deadesel sit en sy kinne it net bewize.
It stik is yn de maitydsfakânsje fan 2014 sân kear spile foar in útferkochte seal yn 'De Hege Fonnen' op 'e Lemmer. Hite Bliksem waard op 2 en 3 maaie 2014 spile as slútjûnstik yn de Harmonie yn Ljouert. Dêr binne wy fansels tige grutsk op.
Te bestellen by: www.stuft.nl

2013 - Us Sake dy kin fytse

Ienakter oer skjinne fytsers en geheimen yn de fytssport. Einprodukt fan de kursus toanielskriuwen by Keunstwurk û.l.f. Hans Brans
Te bestellen by: www.stuft.nl

1991 - Denk niet wit, denk niet zwart.

Krystspul Lyndensteyn. Bewurking fan 'Tusken beiden is ek romte' fan Jant Visser-Bakker (1964)

1989 / 2011 - Ferskate sketchkes

û.o. foar it jubileum fan Pleatselik Belang Terwispel, foar Terwispeler jûnen (talintejacht), persoaniels/âlderjûnen Lyndensteyn.

2010 - Twa is ien tefolle

Ienakter skreaun foar in wat âlder publyk benammen yn fersoargingshuzen.

1980 en 1995 - Revu

Ta gelegenheid fan respektivelik it 25 en 40 jierrich bestean fan Fuotbalferiening Wispolia (tegearre mei Michiel Brouwer)

Corneliamearkes

Dizze stikken binne skreaun ta gelegenheid fan Corneliadei op Lyndensteyn, foar in jong publyk, 6 - 20 jier. Yn sawat alle stikken komt Readkapke foar. De measte stikken binne net spesjaal rjochte op Lyndensteyn en kinne dus rûnom spile wurde. Sy binne skreaun yn it Nederlânsk, mar kinne ek yn it Frysk levere wurde.

1989 - De nieuwe kleren van de Keizer

Gebaseerd op het bekende sprookje van H. C. Andersen

1990 - Malle Hannes

Geschreven ter gelegenheid van 75 jaar Lyndensteyn. Met elementen van Doornroosje en Roodkapje (Leeuwarder Courant - 02-06-1990)

1991 - Alfred Jodokus Kwak en de verdwenen prins

Zoektocht naar prins Diederik waarbij A.J. Kwak met tal van andere dieren avonturen beleeft in diverse werelddelen.

1992 - Het draakje Joris

Het draakje Joris is zijn ouders kwijtgeraakt. Met behulp van Asterix en Obelix gaat hij op zoek, waarbij zij in China terecht komen. (Woudklank 21-05-1992)

1993 - Koningin Ratjetoe van Mengelmoezië.

Familietheater met als thema: de multiculturele samenleving; integratie van gehandicapten en het omgaan met vooroordelen. Gespeeld in 1993, 2001 en 2010, steeds enigszins aangepast aan de actualiteit.

1994 - De school met het rode dakje.

Geschreven ter gelegenheid van de nieuwbouw van School Lyndensteyn.

1995 - De jonge freule en de oude beuk

Geschreven ter gelegenheid van de directiewisseling bij Revalidatie Friesland.

1996 - Meer last dan gebak.

Circus Bolle Toni heeft geldzorgen. De taartjesetende directeur lost dat op zijn geheel eigen, volkomen foute, wijze op.

1997 - De klokkenluider van de Notre Dame

Freule Cornelia, Roodkapje en Quasimodo ontmaskeren een bedrieger.