Ik waard berne op 13 augustus 1953 te Ljouwert, soan fan Willem Vlietstra en Anneke Vlietstra-Hemkes. Heit wie winkelman yn Stiens. Doe't ik 8 jier wie ferhuzen wy nei Terherne. Dêr kaam ik op de skoalle fan Jant Visser-Bakker (Muoike Jant) en Roel Bergsma. Troch harren rekke ik besmet mei it toanielfirus. Bergsma skreau elk jier in revu dy't troch de learlingen fan de trije heechste klassen opfierd waard. Ik fûn dat geweldich. Doe al hie ik de winsk letter sels ek stikken te skriuwen. Op de ULO wie ik tegearre mei myn maat Symon Odinga gauris yn it spier mei toaniel en kabaret.

Nei de PA rekke ik yn 1974 oan it wurk oan de Burgemeester Harmsma Skoalle op 'e Gordyk. Wy kamen yn Terwispel te wenjen. Yn dy perioade ha ik by toanielferiening Sizze & Dwaen in protte toanielspile en letter ek wol regissearre. Wy krigen fjouer bern en dêrtroch wie der njonkelytsen wat minder tiid foar toaniel.

Nei't ik yn 1984 op Skoalle Lyndensteyn oan it wurk gong waard der faker in berop dien op myn skriuwerstalint; eins kaam ik der yn dy tiid efter dat ik dêr wol aardich slach fan hie.

No't de perioade Lyndensteyn ôfsletten is rjochtsje ik my op in karriêre as freelance tekstskriuwer.


De skriuwer op 'e tekst, ûnderweis op de pream nei 'Straverus', yn natoergebiet De Koepeinse by Bantegea
foto: Johan Westenbroek.